Brassband

Article on other languages:

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire
Brassband yn in typyske brassbandopstelling
Besetting fan in brassband

In brassband is ien fan de trije rjochtingen út it HaFaBra-fjild. Dêrby stiet de Ha foar Harmony, de Fa foar Fanfare en de Bra foar Brassband. Yn in brassband wurde allinnich koperynstruminten bespile (en slachwurk fansels). In brassband hat in standertbesetting hoewol't dêr inkeldris fan ôfwykt wurdt troch mear minsken deselde partij spylje te litten.

De besetting sjocht der sa út:

  • 1 principal kornet
  • 2 solo kornet
  • 3 solo kornet
  • 4 solo kornet
  • 5 bugel (of flügelhorn)
  • 6 es kornet
  • 7 repriano kornet
  • 8 twadde kornet
  • 9 twadde kornet
  • 10 tredde kornet
  • 11 tredde kornet
  • 12 solo alt
  • 13 earste alt
  • 14 twadde alt
  • 15 earste bariton
  • 16 twadde bariton
  • 17 earste euphonium
  • 18 twadde euponium
  • 19 solo tromboane
  • 20 twadde tromboane
  • 21 bastromboane
  • 22 bes bas
  • 23 bes bas
  • 24 es bas
  • 25 es bas
  • 26 slachwurk


De bettere brassbands út Fryslân behearskje de lanlike top by de Nederlânske Brassband Kampioenskippen en dogge it knap yn de Jeropeeske top. Dêr sitte se yn de middenmoat. Sa't Limboarch bekend stiet om syn harmonyen, stiet Fryslân bekend om syn brassbands.

De bekendste brassbands yn Fryslân binne (2007):

  • De Wâldsang - Bûtenpost
  • Soli Brass (earder Soli Deo Gloria) - Ljouwert
  • De Bazuin - Oentsjerk

Hoewol't dy bands ferbûn binne mei in plaknamme, betsjut dat net dat it pleatslike ferienings binne. Eins binne it provinsjale ferienings. De leden komme út alle parten fan de provinsje en spylje - meastentiids - ek yn de brassband fan harren eigen wenplak.

Keppelings om utens

De Wâldsang

Soli Brass

De Bazuin

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.