Heiden

Article on other languages:

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire

It heidendom wurdt beskôge as it iere leauwen fan de minsken. It wurd is foaral in kristlik begryp. It tsjut it ferearjen fan mear as ien god oan, net basearre op de bibel. Ut dy optyk wei wurde alle net-monoteïstyske godstsjinsten dy't net op de bibel basearre binne as heidensk beskôge.

Ier heidendom

De kerstening fan Jeropa wurdt faak foarsteld as in opgong fan it barbarendom nei beskaving, en it heidendom wurdt dêrby faak beskôge as wat minderweardichs dat bestriden wurde moast. Dat de minsken it yn dy tiid oars seagen blykt wol út it grutte tal foar-kristlike gebrûken en feesten dy't yn de kristlike kultuer en religy opnommen binne, bygelyks it peaskefjoer, it peaske-aai, de krystbeam en ferskate aspekten fan it Sinteklazefeest.

Nijmoadrich heidendom

Tsjintwurdich is der in oplibjen fan it heidendom yn de westerske wrâld, dat it karakter hat fan in subkultuer. It wurdt beskôge as in romantyske opstiging dy't syn grûn foar in part fynt yn krityk op ús wat rasjonele beskaving. Besibbe oan dit nijmoadrich heidendom binne wichelroede-rinne, astrology, holisme en in soad ynteresse yn parapsychologyske ferskynsels. Dôchs bestiet der ek in godstsjinstige streaming dy't har dwaande hâldt mei tsjoenderij (wikka).

Eksterne keppelings

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.